Utah Beach
From Wikipedia, the free encyclopedia
Utah Beach wie by de lâning fan de alliearden yn Normandje yn 1944 de koadenamme fan in stik strân fan goed fiif kilometer lang tusken Pouppeville en La Madeleine. It stik strân leit oan de foet fan it skiereilân Cotentin yn it Frânske departemint Manche.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
It is it meast westlike stik strân, dêr't ynearsten noch gjin plannen foar wiene om te lânjen foar it befrijen fan West-Europa. Om't de alliearden lykwols nei de lâning sa gau mooglik in djippe haven nedich hiene en Cherbourg op de noardlike punt fan it skiereilân it meast gaadlik like, waard Utah Beach yn de plannen foar de ynvaazje opnommen.
De oare strannen nei it easten ta wiene Omaha-, Gold-, Juno- en Sword Beach. Tusken de strannen Omaha en Utah lei noch in yn see útstekkende rots mei in Dútske stelling, Pointe du Hoc.
De Dútske ferdigening fan de likernôch 50 kilometer lange kuststreek foel ûnder it Verteidigungsbereich Bayeux, in gebiet fan eastlik oan de mûning fan de Vire oant Arromanches-les-Bains yn it easten. Ferantwurdlik foar dat gebiet wiene de 352e Ynfantery-difyzje ûnder generaal-luitenant Dietrich Kraiss en marine- en Luftwaffe-ienheden. Westlik dêroan grinzge it gebiet dêr't Utah Beach ûnder foel en ferdigene wurde moast troch de 709e Difyzje ûnder generaal-luitenant Karl-Wilhelm von Schlieben.