From Wikipedia, the free encyclopedia
It Untfinzeniskleaster (Russysk: Зачатьевский монастырь; transl.: Zatsjatevski-kleaster) is in Russysk-otterdoks nonnekleaster oan 'e noardlike kant fan de Moskva yn 'e Russyske haadstêd Moskou.
Untfinzeniskleaster Зачатьевский монастырь | ||
De tusken 2006 en 2010 boude katedraal fan it kleaster. | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
koördinaten | 55° 44' N 37° 35' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1360 (earste fermelding) 1584 | |
opheffing | 1918 | |
weriepening | 1995 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | gebouwen 17e-19e iuw katedraal: 2006-2010 | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 771520293530006 | |
Webside | ||
zachatevmon.ru | ||
Kaart | ||
Is kleaster waard stifte yn 'e jierren 1360, sluten yn 1918 en yn 1995 op 'e nij iepene as stauropegiaal kleaster (d.w.s. it kleaster falt fuortendaliks ûnder de patriarch).
Allinnich de Poartetsjerke fan 'e Ferlosser oerlibbe it Sovjet-tiidrek, in barok monumint út de ein fan 'e 17e/begjin 18e iuw.
It earste kleaster op dit plak waard yn 1360 troch de Moskouse metropolyt Aleksius stifte en waard oan 'e ûntfinzenis fan Sint-Anne wijd. Neffens de oerlevering wiene de earste nonnen susters fan Aleksius, dy't de kleasternammen Juliana en Eupraksia oannamen en yn it jier 2000 hillich ferklearre binne troch de Russysk-otterdokske Tsjerke. It kleaster waard yn 1547 troch in brân ferneatige. Dêrnei ferhûze de mienskip nei in plak tichteby it sintrum, dêr't tsjintwurdich de Ferlossertsjerke stiet.
Op it plak bleau lykwols in lytse mienskip efter en yn 1584 ûntstie der mei help fan tsaar Fjodor I wer in kleaster. Tusken 1584 en it begjin fan 'e Tiid fan Unstjoer waard foar it kleaster in nije stiennen katedraal boud. De bou fan 'e Poartetsjerke fûn yn 1696 plak en waard mooglik makke troch in telch fan 'e Russyske aadlike famylje Rimsky-Korsakov, dy't hjir yn 'e omkriten in soad lân besiet. Dy katedraal moast yn 1804 wer plak meitsje foar in tusken 1805 en 1807 neogoatyske katedraal, dy't no wijd waard oan 'e Berte fan de Hillige Jongfaam Marije. It ûntwerp fan 'e yn 1813 konsekrearre katedraal wurdt taskreaun oan 'e arsjitekt Rodion Kazakov, alhoewol't dêr gjin bewizen foar binne. By de ynvaasje fan Napoleon yn 1812 bleaune de nonnen yn it kleaster en gyngen de tsjinsten gewoan troch. Tusken 1844 en 1850 waarden yn 'e muorren fan it kleaster ûnder lieding fan 'e arsjitekt Michael Dorimedontovits Bikovsky in earmhûs mei in Hillige Geast-tsjerke boud. In lêste útwreiding fan it kleaster fûn plak doe't Leonid Stezjensky apparteminten oan 'e Nikitsky Boulevard bouwe liet.
Yn 1922 waard it kleaster plondere, mar it bleau ynearsten noch bestean. Op 16 maart 1925 waard de lêste Godlike Liturgy troch patriarch Tichon fierd, dy't njoggen dagen letter ferstoar. It kleaster waard yn 1927 sletten. Njonken oare funksjes waard hjir no in ynrjochting fêstige fan jonge delinkwinten. De katedraal en oare bouwurken waarden mei it earmhûs yn 1934 sloopt en op it plak dêrfan waard in skoalle boud. De Hillige-Geasttsjerke ferlear de koepel en waard sa ferboud, dat it net mear as tsjerke werom te kennen wie. Yn 'e jierren 1960 waard de Poartetsjerke ta monumint ferklearre en oanslutend renovearre.
Yn 1991 waard der wer tocht oan 'e weriepening fan it kleaster en maaie 1995 wie it offisjeel safier. De Hillige Geasttsjerke waard renovearre en krige yn 2001 de koepel werom en yn 2005 waard útein set mei de ôfbraak fan 'e skoalle, om op it plak in nije katedraal yn Russyske styl te bouwen. It patriargaat keas mei sin net foar in rekonstruksje fan 'e foargonger, om't it patriargaat de neogotyske styl net passend fûn foar in otterdokse katedraal.
De bou fan 'e nije katedraal waard mooglik makke troch de filantroop en sakeman Dmitri Jevgenjevitsj Rybolovlev en de konsekraasje fan 'e 48 meter hege nijbou fûn op 25 novimber 2010 troch patriarch Kirill plak.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.