USAF-flecht 21
From Wikipedia, the free encyclopedia
USAF-flecht 21 wie in flecht fan in Boeing CT-43A fan 'e Amerikaanske Loftmacht (USAF) dy't op 3 april 1996 ferûngelokke koart foar er lânje sillen hie op it fleanfjild by de Kroätyske stêd Dubrovnik, oan 'e kust fan 'e Adriatyske See. Alle 35 ynsittenden kamen by dizze fleanramp om it libben, ûnder wa de Amerikaanske minister fan Hannel Ron Brown. Ut ûndersyk die bliken dat de ramp foar 't neist feroarsake wie troch minsklik falen troch hastigens en ferâldere fleanfjildfasiliteiten. Hoewol't it op 'e tiid fan it ûngelok by Dubrovnik min waar wie, waard fêststeld dat dy omstannichheid net neamensweardich oan 'e ramp bydroegen hie.
Fluch de feiten
USAF-flecht 21 | ||
In helikopter fan 'e Amerikaanske Loftmacht hinget boppe it plak fan 'e ramp. Op 'e foargrûn: de sturt fan USAF-flecht 21. | ||
bysûnderheden | ||
type ramp | fleanramp | |
oarsaak | minsklik falen troch hastigens en ferâldere fleanfjildfasiliteiten | |
datum | 3 april 1996 | |
tiid | 14.57 oere | |
lân | Kroaasje | |
plak | Dubrovnik | |
statistiken | ||
deaden | 34 | |
ferwûnen | 1 (letter stoarn) | |
net-ferwûnen | 0 | |
lokaasje | ||
Lokaasje fan 'e fleanramp yn Kroaasje.
|
Slute