From Wikipedia, the free encyclopedia
Tønder (Súd-Jutlânsk: Tynne, Noardfrysk: Tuner; Dútsk: Tondern) is in lytse Deenske stêd oan de Vidå (Dútsk: Wiedau) op likernôch 5 kilometer fan 'e Dútske grins. It is de haadstêd fan 'e gemeente Tønder yn de regio Súd-Denemark.
Tønder | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Denemark | |
Regio | Súd-Denemark | |
Gemeente | Tønder | |
Sifers | ||
Ynwennertal | plak: 7.574 (2023) gemeente: 36.878 (2023) | |
Oerflak | gemeente: 1278 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 6270 Tønder | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Koördinaten | 54° 56' N 8° 51' E | |
Offisjele webside | ||
www.toender.dk | ||
Kaart | ||
De stêd is bûten Denemark ek bekend fan it ynternasjonale Tønder Festival, dêr't alle jierren yn folksmuzikanten optrede.
De stêd waard al yn 'e 12e iuw neamd troch de Arabyske kartograaf Muhammad al-Idrisi, mar it is net hielendal wis of de namme Tundira nei Tønder of nei it fjouwer kilometer westlik lizzende Møgeltønder ferwiist. Yn 1243 krige it plak it Lübeckse stedsrjocht. Tønder wie oarspronklik in havenstêd en ek no tsjûgje guon strjitnammen noch fan dat ferline, mar de stêd ferlear healwei de 16e iuw de ferbining mei de see en dêrmei ek syn haven troch de bediking ûnder Hans de Aldere. Dêrmei waard útein set nei in earnstige stoarmfloed yn 1532, doe't it wetter yn 'e tsjerke fan Tønder 1,8 meter heech stie, itjinge oerienkaam mei in stân fan 5,3 meter boppe normaal. Ek oare stoarmen yn 1615, 1825, 1923 en 1976 makken dúdlik dat de stêd him troch de iuwen hinne tsjin 'e see beskermje moast. Oant healwei de 20e iuw stie winterdeis it lân om 'e stêd hinne altiten splis, dêr't mei de oanlis fan 'e dyk tusken Emmerlev yn it noarden en de Hindenburg Daam yn it suden in ein oan kaam.
Oant yn 'e 17e iuw bleau de hannel en de skipfeart wichtich, fral mei Noard-Dútslân en Nederlân. De diken beskermen de stêd tsjin heechwetter, mar sniene de stêd ek ôf fan 'e tagong ta de see, sadat Rudbøl and letter Højer de havenfunksje oernamen. Tønder ûntjoech him yn dy tiid ta in sintrum foar de produksje fan kant. Yn 1788 waard de stêd de lokaasje fan 'e earste learareoplieding fan it lân, dy't yn 1989 mei dy fan Haderslev gearfoege waard.
De 19e iuw stie fral yn it teken fan 'e Dútsk-Deenske kwestje. De mearderheid fan 'e boargerij wie Dútsksinnich en keas yn 'e Earste Dútsk-Deenske Kriich (1848–1851) de kant fan Sleeswyk-Holstein, wylst it lân om 'e stêd hinne de Deenske kant keas. Nei it herstel fan 'e hiele steat ûnder de Deenske Kroan bleau Tønder in bestjoerlik sintrum, mar de nije taalpolityk fan 1851 stjitte op wjerstân. Om de taalomslach nei it Dútsk te kearen waard yn 'e twatalige gebieten fan Sleeswyk it Deensk yn it ûnderwiis as fiertaal ynfierd, wylst foar it Dútsk fjouwer oeren wyks op it roaster stie. De tsjerketaal moast ôfwikseljend Deensk en Dútsk wêze. Foar Tønder wie yn it ûnderwiis lykwols in útsûndering makke en dêr mocht de taal folslein Dútsk wêze.
Nei de Twadde Dútsk-Deenske Kriich yn 1864 waard de stêd ûnderdiel fan Prusen en sûnt 1871 ûnderdiel fan it Dútske Ryk. Tønder krige yn 1868 in spoarferbining mei it haadspoar Hamburch–Fredericia oer in ôftakking nei Tinglev. Yn 1887 waard de stêd in knooppunt oan it spoar fan Hamburch nei de doetiidske Deenske grins en nei Esbjerg en waard it oan it al gau dêrnei oanleine spoar nei Højer Sluse in oerstappunt foar reizgers nei Sylt. Tønder wie it haadplak fan de lânkring Tondern, mar ferlear ekonomysk belang.
Yn 'e Earste Wrâldkriich wie de stêd in basis foar militêre loftskippen en seppelins. De oanfal op de loftskiphangars by de stêd op 19 july 1918 wie de alderearste loftoanfal yn 'e militêre skiednis fan in fleandekskip ôf op in doel op lân.
By it referindum yn Sleeswyk op 10 febrewaris 1920 oer de fraach by hokker lân de bewenners hearre woene, stimde Tønder foar 76,5% foar Dútslân en 23,5% foar Denemark. Dochs waard de stêd by Denemark foege en sa rekke Tønder syn ekonomyske bining mei Dútslân kwyt. Ek it toeristeferkear nei it yn Dútslân lizzende eilân Sylt gie tenei oan 'e stêd foarby.
Tusken 1920 en 1970 hearde Tønder by de herred Tønder, Højer og Lø Herred fan it Tønder Amt. De gemeente Tønder ûntstie by de gemeentlike herfoarming op 1 jannewaris 2007. Doe waarden ek de gemeenten Møgeltønder, Abild, Hostrup mei de parochy Tønder, dat út de plakken Lille Emmerske, Store Emmerske en Tved bestie, by de gemeente Tønder foege.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.