From Wikipedia, the free encyclopedia
De Tsjerke fan de Feriene Kristlike Gemeente is in mienskiplik tsjerkegebou fan de mennisten en remonstranten yn Dokkum.
Tsjerke fan de Feriene Kristlike Gemeente | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Dokkum | |
adres | Legewei 14 | |
koördinaten | 53° 19' N 5° 59' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Th. Romein | |
boujier | 1852 | |
boustyl | Neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 13153 | |
Webside | ||
Side Feriene Kristlike Gemeente | ||
Kaart | ||
De tsjerke waard yn 1852 boud foar de Feriene Kristlike Gemeenten fan mennisten en remonstranten. Yn dy tiid wie de gearwurking fan mennisten en remonstranten unyk. Yn 1796 hie de Remonstrantske Bruorskip alle protestantske tsjerken útnoege om ien te wurden. Dat wie yn dy tiid foar de tsjerken noch in brêge te fier en it slagge allinne yn Dokkum om mennisten en remonstranten te ferienigjen.
Fanwegen de ôfnimmende ledetallen fan mennisten en remonstranten wurdt der hjoeddedei ek op in soad oare plakken gearwurke, somtiden oanfolle mei de frijsinnich herfoarmen en it Nederlânske Protestantenbûn.
De tsjerke is in neoklassisistysk ûntwerp fan de arsjitekt Thomas Romein, dat basearre wie op de tsjerke fan Terbant út 1843. De nijbou ferfong doe in âldere fermanje út 1740 op itselde plak, dat earder yn de plak kommen wie fan in skûltsjerke út 1655 oan de Aldemansstege.
Boppe de tagong fan de tsjerke is de tekst Een is uw meester en gy zyt allen broeders oanbrocht.
It tige ienfâldige ynterieur wurdt fan in houten tonferwulft oerdutsen.
It oargel waard yn 1863 boud troch L. van Dam. By de bou fan it oargel waard njonken âldere pipen ek it besteande front út 1852 fan Willem Hardorff brûkt.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.