Trekker (lânboumasine)
From Wikipedia, the free encyclopedia
In trekker, yntrodusearre yn 1901 is in ferfiermiddel dat spesjaal ûntwikkele is foar gebrûk yn de lânbou, mar no oeral foar brûkt wurdt. It wurd 'tractor' (ôflaat fan it Latynske: trahere dat "lûke" betsjut) is in algemiene omskriuwing foar in reau dat eat lûke, triuwe of slepe kin wat gjin eigen oandriuwing hat.
Oer it generaal binne de eftertsjillen grutter as de foartsjillen. Dêrtroch kin in trekker better ride yn it fjild. Troch it brûken fan dûbellucht, ofwol 2 pear eftertsjillen, kin de tsjildruk minder wurde. Sadwaande krijt de trekker mear skrep en sakket/drukt er minder yn de grûn. Tsjintwurdich wurde faker ekstra brede bannen brûkt, oant sels in meter breed, om de druk te ferminderjen. Mear druk betsjut mear ynspoaring en fertichtsjen fan de grûnstruktuer of skea oan it gewaaks; dêrom wurdt dit safolle mooglik mijd.