From Wikipedia, the free encyclopedia
De Transfiguraasjetsjerke (Russysk: Преображенская церковь; Preobrazjenskaja tserkov) is in monumintaal tsjerkegebou yn 'e stanitsa Starotsjerkasskaja (foarhinne Tsjerkassk) yn 'e oblast Rostov, Ruslân. It is de earste stiennen tsjerke fan it kozakkedoarp en it wie ek de op ien nei âldste tsjerke. De bou fan 'e tsjerke waard útfierd troch deselde boulju as dy fan de klokketoer fan 'e Opstanningskatedraal yn itselde plak.
Transfiguraasjetsjerke
Преображенская церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Rostov | |
plak | Starotsjerkasskaja | |
koördinaten | 47° 14' N 40° 02' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1744-1751 | |
boustyl | Barok | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 611610438240006 | |
Kaart | ||
Foarhinne waard der noardlik fan it hjoeddeiske Starotsjerkasskaja in delsetting boud foar likernôch 6.000 ynwenners. De stifting fan dy stêd hie te krijen mei it bûn dat de Donkozakken mei Ruslân sletten hiene foar de striid tsjin de Turken yn Azov. Letter, yn 1677, waard der in tsjerkhôf oanlein folge troch de bou fan in tsjerke yn 1701. Dy houten tsjerke waard oan 'e profeet Elía wijd en krige as twadde namme Ratnajatsjerke (Ратная церковь), nei it gebiet dêr't de legers fan 'e Donkozakken byinoar kamen as se meiïnoar opteagen nei Azov. Op it tsjerkhôf lizze kriichshelden út de tiid doe't de Kozakken tsjin de Turken fochten, mar ek helden út de tiid doe't Napoleon Ruslân binnenfoel.
De hjoeddeiske barokke tsjerke ferfong de âldere houten tsjerke en mei de bou der fan waard op 31 maaie 1744 begûn. De bou fan 'e klokketoer folge yn 1751.
Yn 'e jierren 1930 waard de tsjerke sluten foar de earetsjinst. It ynterieur is yn 'e Sovjet-tiid ferlern gien.
Yn 'e jierren 2000 folge in restauraasje en tsjintwurdich is de tsjerke wer iepene foar de earetsjinst.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.