From Wikipedia, the free encyclopedia
De Transfiguraasjetsjerke yn Kovalevo (Russysk: Церковь Спаса на Ковалёве) yn it rajon Novgorodsk yn 'e oblast Novgorod (Ruslân) waard om it jier 1345 hinne boud. De tsjerke wie benammen bekend fanwegen de 14e-iuwske fresko's, mar de tsjerke waard yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige. Yn 1970 fûn de weropbou plak en sûnt binne ek fragminten fan 'e fresko's rekonstruearre.
Transfiguraasjetsjerke
Церковь Преображения | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Novgorod | |
plak | Veliki Novgorod | |
koördinaten | 58° 31' N 31° 21' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
metropoal | 58°31′31″ с. ш. 31°21′33″ | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1345, rekonstruksje 1970 | |
sloopjier | 1943 | |
monumintale status | Federaal monumint/wrâlderfgoed | |
monumintnûmer | 531610636020006 | |
Webside | ||
novgorodmuseum.ru | ||
Kaart | ||
De tsjerke leit likernôch fjouwer kilometer eastlik fan 'e stêd Veliki Novgorod op 'e rjochter kant fan 'e Mali Volchovets-rivier.
De tsjerke waard yn 1345 boud as de katolikon fan in lyts kleaster yn opdracht fan 'e bojaar Ontsifor Zjabin. De súdlike tafoeging wie nei alle gedachten ornearre foar de famylje om dêr begroeven te wurden. Yn 1380 waard de tsjerke foarsjoen fan fresko's.
Tusken 1941 en 1943 waard de tsjerke ferwoastge. De resten waarden nei de kriich feilichsteld en yn 1960 waarden fragminten fan 'e fresko's restaurearre. Alhoewol't mar 16 m² skilderwurk it kriichgeweld oerlibbe, slaggen de restaurateurs ûnder lieding fan Aleksander Grekov en Valentina Grekova der yn om út it pún 160 m² op te heljen.
De tsjerke waard yn 1970 neffens in ûntwerp fan Leonid Krasnoretjsev rekonstruearre.
De 14e-iuwske fresko's bedutsen oarspronklik de apsis, de koepel, de súdlike en noardlike muorren, guon pylders en it ynterieur fan 'e westlike kapel. Nei alle gedachten waarden se oanbrocht troch in groep skilders út Servje. De styl fan 'e fresko's toane gjin oerienkomsten mei oare fresko's yn Novgorod út dy tiid, mar der binne eigenskippen dy't ferwize nei de âldere Byzantynske tradysje. Oarspronklik besiet de tsjerke 450 m² oan fresko's.
Yn 'e koepel waarden de profeten ôfbylde, mar de measte fresko's bestienen út kriichhilligen. De ferklearring dêrfoar lei yn 'e reden dat yn 'e jierren 1370 it Grutfoarstedom Moskou mei help fan oare Russyske steaten harren tariede moasten op in grutte slach tsjin de Gouden Heap; yn 1380 fûn de Slach by Kûlikovo plak. Yn 'e tsjerke is ek de âldste foarstelling fan in deade Kristus yn it grêf.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.