In toskboartel (ek wol toskeboarstel of toskbjinderke) is in lytse boarstel om tegearre mei toskpoetsersguod de tosken skjin te meitsjen. Der binne twa typen toskboarstels, te witten: hântoskboarstels en elektryske toskboarstels.

  • In hântoskboarstel bestiet út in stâle mei oan de útein in boarsteltsje.
  • In elektryske toskboarstel hat in motorke yn it hânfêt, dy't de boarstel trilje as draaie lit.
Thumb
hântoskboarstels
Thumb
elektryske toskboarstel

Ut wittenskiplik ûndersyk docht bliken dat elektryske toskboarstels mear plaque ferwiderje as gewoane hântoskboarstels. It jout in skjinner gebit en in fermindere kâns op kariës.

De earste toskboarstels waarden om 1750 hinne fan bistehierren makke. Tsjintwurdich wurdt foar de boarstel keunststof brûkt.

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.