Tootsie
film út 1982 fan Sydney Pollack / From Wikipedia, the free encyclopedia
Tootsie is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 1982 ûnder rezjy fan Sydney Pollack, mei yn 'e haadrollen Dustin Hoffman en Jessica Lange. De titel betsjut "Skatsje" of "Leave", in wat delbûgende poppenamme dêr't guon manlju it foar de moade hawwe om eltse willekeurige frou mei oan te sprekken. It ferhaal giet oer Michael Dorsey, in wurkleaze akteur yn New York, dy't, om oan wurk te kommen, in froulike identiteit oannimt. Sa bemachtiget er in rol yn in populêre soapsearje, mar hy komt yn 'e knipe as er fereale rekket op ien fan syn tsjinspylsters. Fan 'e filmkritisy krige Tootsie rûnom lof taswaaid, en de film wûn in Oscar, trije Golden Globes (wêrûnder de priis foar bêste film – musical of komeedzje) en twa BAFTA's. Yn 'e bioskopen wie Tootsie ek in grut kommersjeel súkses en yn Noard-Amearika de op ien nei meast opbringende film fan 1982. Yn 1998 waard de film foar preservearring opnommen yn it National Film Registry.
Tootsie | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Sydney Pollack | |
produsint | Charles Evans Sydney Pollack Dick Richards Ronald L. Schwary | |
senario | Larry Gelbart Murray Schisgal Barry Levinson Elaine May | |
basearre op | Would I Lie to You? fan Don McGuire | |
kamerarezjy | Owen Roizman | |
muzyk | Dave Grusin | |
filmstudio | Mirage Enterprises | |
distribúsje | Columbia Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Dustin Hoffman Jessica Lange | |
byrollen | Teri Garr Bill Murray Dabney Coleman Charles Durning George Gaynes Geena Davis Sydney Pollack | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 17 desimber 1982 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 116 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $21 miljoen | |
opbringst | $177,2 miljoen (Noard-Amearika) | |
prizen | 1 × Oscar 3 × Golden Globe 2 × BAFTA |