From Wikipedia, the free encyclopedia
Tipaza as Tipasa wie in wichtige Algerynske stêd oan de Middellânske See en hannelspost stichte troch de Fenysjers. De stêd waard ferovere troch Rome en omfoarme ta in strategyske militêre basis foar de fierdere ferôvering fan Mauretania.
Tipasa waard in Romeinske koloanje ûnder keizer Klaudius en letter sels in municipium. De stêd wie fan frijwat grut belang foar de regio en waard al yn de iere tredde iuw nei Kristus ta it Kristendom bekeard. Yn 484 stjoerde de Fandaalske kening Hunerik (477-484) in Ariaanske biskop nei Tipasa, wêrnei't in grut part fan de befolking nei Spanje flechte. Dêrnei rekke de stêd yn de nederklits.
It plak hat in unike groep fan Romeinske en Byzantynske ruïnes en monuminten, ûnder oaren de Kbor er Roumia, it keninklike mausoleum fan Mauritanië.
De stêd kaam yn 1982 op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. Yn 2002 waard de kwalifikaasje fan Tipaza feroare yn bedrige Wrâlderfgoed, mar dy waard yn 2006 wer skrast.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.