From Wikipedia, the free encyclopedia
Thomas Alva Edison (Milan (Ohio), 11 febrewaris 1847 - West Orange (Nij-Jersey), 18 oktober 1931) wie in Amerikaanske útfiner mar fral sakeman dy't syn fortún makke troch útfinings fan oaren op te keapjen en de oktroaien op syn eigen namme fêst te lizzen. As bliken die dat dy súksesfol wiene, perfeksjonearre hy dy en naam se yn produksje. Edison is noch hieltyd rekordhâlder wat it grutste tal patinten oanbelanget dy't oan ien persoan takend binne (± 1400).
De grutste bydrage fan Edison oan de foarútgong wie nei alle gedachten wol it ûndersykslaboratoarium fan him yn Menlo Park (New Jersey). Dat laboratoarium wie spesjaal opsetten om nije dingen te ûntwikkeljen en technologyske foarútgong te meitsjen en kin sjoen wurde as it earste kommersjele researchlaboratoarium. Tsjintwurdich beskikt elts technologybedriuw oer in selde soarte lab. It meastepart fan de saken dy't yn Menlo Park betocht en ûntwikkele waarden, krige hy it oktroai fan, hoewol't Edison de lieding hie oer it laboratoarium waard lang net alles troch him sels betocht.
De gloeilampe en de fonograaf (1877) binne twa fan syn bekendste produkten. Oars as in protte minsken tinke wie Edison net de earste betinker fan de koalstof gloeitried, mar Heinrich Göbel. Edison ferbettere allinnich it prosedee foar de produksje dêrfan. Hy liet ek protte ûndersyk dwaan op it mêd fan de telegrafy. Yn 1883 ûntdekten ûndersikers it nei him ferneamde Edisoneffekt, de stroomoergong yn fakuüm tusken in gloeitried en in metaalplaat, hokker ûntdekking fan belang wie foar de ûntwikkeling fan de elektroanebuizen. Edison spile ek in wichtige rol by it ta stân kommen fan de technyk fan de film. Fierders hat Edison meiwurke oan de ûntwikkeling fan de elektryske stoel.
Edison wie ek belutsen yn in felle konkurrinsjestriid mei George Westinghouse en syn wichtige meiwurker Nicola Tesla. Edison wie foarstanner fan in ljochtnet op lykstroom. Westinghouse wie foarstanner fan wikselstroom. By dizze 'elektrisiteitsoarloch' waard fan alles úthelle om elkoar swart te meitsjen. Lykwols waard it pleit wûn foar it brûken fan wikselstroom: dat is noch hieltyd de noarm fan it elektrisiteitsnet.
De prestizjeuze Nederlânske muzykpriis Edison Music Award dy't sûnt 1960 alle jierren útrikt wurdt is nei him ferneamd.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Thomas Alva Edison fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.