The Sum of All Fears (film)
film út 2002 fan Phil Alden Robinson / From Wikipedia, the free encyclopedia
The Sum of All Fears is in Amerikaanske spionaazjeskriller út 2002 ûnder rezjy fan Phil Alden Robinson, mei yn 'e haadrollen Ben Affleck en Morgan Freeman. De titel betsjut "De Optelsom fan Alles om Benaud foar te Wêzen". De film waard basearre op 'e roman mei deselde titel fan Tom Clancy, en is in reboot fan 'e Jack Ryan-filmsearje, mei in jongere Jack Ryan as haadpersoan as yn 'e foargeande films fan dy rige. It ferhaal folget Ryan, in spesjaal agint fan 'e CIA, as er in kearnoarloch tusken de Feriene Steaten en Ruslân sjen moat foar te kommen. Ynfloedrike neonazys besykje sa'n konflikt út te lokjen om in faksistyske supersteat yn Jeropa foarmje te kinnen. The Sum of All Fears krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.
The Sum of All Fears | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Phil Alden Robinson | |
produsint | Mace Neufeld | |
senario | Paul Attanasio Daniel Pyne | |
basearre op | de roman fan Tom Clancy | |
kamerarezjy | John Lindley | |
muzyk | Jerry Goldsmith | |
filmstudio | Mace Neufeld Productions MFP Munich Film Partners S.O.A.F. Productions Paramount Pictures | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Ben Affleck Morgan Freeman | |
byrollen | James Cromwell Ciarán Hinds Bridget Moynahan Liev Schreiber | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 29 maaie 2002 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | spionaazjeskriller | |
taal | Ingelsk en Russysk | |
spyltiid | 124 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $68 miljoen | |
opbringst | $193,9 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Jack Ryan-filmsearje | |
● foarich diel | Clear and Present Danger | |
● folgjend diel | Jack Ryan: Shadow Recruit |