![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/fy/thumb/4/4b/The_Secret_Life_of_Pets_logo.png/640px-The_Secret_Life_of_Pets_logo.png&w=640&q=50)
The Secret Life of Pets (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
The Secret Life of Pets, yn Nederlân útbrocht ûnder de titel Huisdiergeheimen, is in Amerikaanske lange kompjûteranimearre aventoerekomeedzje en famyljefilm út 2016 ûnder rezjy fan Chris Renaud. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Louis C.K., Eric Stonestreet, Kevin Hart en Jenny Slate. De titel betsjut "It Geheime Libben fan Húsdieren". It ferhaal giet oer de húsdieren yn New York en wat dy oerdeis útheve as harren baaskes op it wurk binne. Haadpersonaazje is de hûn Max, waans baaske op in dei thúskomt mei noch in oare hûn. De nuvere meneuvels fan 'e beide hûnen om faninoar ôf te kommen en it baaske foar harsels te krijen, bringe harren djip yn 'e swierrichheden. The Secret Life of Pets waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy en krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e bioskopen woeks de film út ta in reuseftich kommersjeel súkses. Dat joech oanlieding ta it ûntstean fan in mediafranchise mei deselde namme. Yn 2019 kaam in ferfolchfilm út, The Secret Life of Pets 2.
The Secret Life of Pets | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Chris Renaud | |
produsint | Chris Meledandri Janet Healy | |
senario | Brian Lynch Cinco Paul Ken Daurio | |
muzyk | Alexandre Desplat | |
filmstudio | Illumantion | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Louis C.K. Eric Stonestreet Kevin Hart Jenny Slate | |
byrollen | Lake Bell Dana Carvey Hannibal Buress Bobby Moynihan Albert brooks | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 8 july 2016 | |
foarm | lange tekenfilm | |
sjenre | aventoerekomeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 86 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $75 miljoen | |
opbringst | $875,5 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | The Secret Life of Pets | |
● foarich diel | The Secret Life of Pets 2 |