The Lady Vanishes (film út 1938)
film út 1938 fan Alfred Hitchcock / From Wikipedia, the free encyclopedia
The Lady Vanishes is in Britske skrillerfilm út 1938 ûnder rezjy fan Alfred Hitchcock, mei yn 'e haadrollen Margaret Lockwood en Michael Redgrave. De titel betsjut "De Dame Ferdwynt". De film is basearre 'e roman The Wheel Spins, fan Ethel Lina White út 1936. It ferhaal giet oer in jonge Ingelske frou dy't op in treinreis yn East-Jeropa in âldere Britske dame moetet. Nei't se in slûchje dien hat, is de dame ferdwûn, en de oare ynsittenden ûntstride allegear dat se ea sa'n frou yn 'e trein sjoen hawwe. The Lady Vanishes wie in tige súksesfolle film, dy't foar Hitchcock de wei klearre nei in karriêre yn 'e filmyndustry fan Hollywood. Neffens in ranglist fan it Britsk Filmynstitút (BFI) út 2017 is it de op 30 nei bêste Britske film aller tiden. Der waarden remakes fan makke yn 1979 en yn 2013.
The Lady Vanishes | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
De sêne wêryn't Iris Henderson (Margaret Lockwood, m.) en Gilbert Redman (Michael Redgrave, rj.) de mei wynsels bewuolle pasjinte fan dokter Hartz ûndersykje. Lofts yn byld Catherine Lacey as de 'non'. | ||
makkers | ||
regisseur | Alfred Hitchcock | |
produsint | Edward Black | |
senario | Sidney Gilliat Frank Launder | |
basearre op | de roman fan Ethel Lina White | |
kamerarezjy | Jack E. Cox | |
muzyk | Louis Levy Charles Williams | |
filmstudio | Gainborough Pictures | |
distribúsje | Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. Ken.) 20th Century Fox (Fer. St.) | |
spilers | ||
haadrollen | Margaret Lockwood Michael Redgrave | |
byrollen | Paul Lukas dame May Whitty Basil Radford Naunton Wayne Cecil Parker Linden Travers | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 7 oktober 1938 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | skrillerfilm | |
taal | Ingelsk (ek in bytsje Dútsk, Frânsk en Italjaansk) | |
spyltiid | 97 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | ûnbekend | |
opbringst | ûnbekend |