The Karate Kid (film út 1984)
From Wikipedia, the free encyclopedia
The Karate Kid is in Amerikaansk sportdrama út 1984 ûnder rezjy fan John G. Avildsen, mei yn 'e haadrollen Ralph Macchio en Pat Morita. De titel betsjut "De Karatejonge". It ferhaal giet oer de teenager Daniel LaRusso, dy't nei de oare kant fan it lân ferhuzet, dêr't er Ali Mills moetet, in famke mei wa't er ferkearing kriget. In eardere feint fan harres, Johnny Lawrence, nimt dêr lykwols oanstjit oan en hy en syn maten begjinne in kampanje tsjin Daniel dy't fan narjen al rillegau oanboazet ta mishanneling. De konsjerzje fan it appartemintekompleks dêr't Daniel wennet, menear Miyagi, leart him karate, om himsels te ferdigenjen en sadat er it tsjin Johnny opnimme kin yn in sporttoernoai. The Karate Kid krige rûnom lof taswaaid troch de filmkritisy en wie yn 'e bioskopen ek in grut kommersjeel súkses. It waard it begjin fan in mediafranchise mei deselde namme; in ferfolchfilm, The Karate Kid Part II, ferskynde yn 1986. Pat Morita, dy't de rol fan menear Miyagi spile, waard foar syn rol yn The Karate Kid nominearre foar in Oscar. De film wie ferantwurdlik foar it popularisearjen fan 'e sport karate yn 'e Feriene Steaten.
The Karate Kid | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | John G. Avildsen | |
produsint | Jerry Weintraub | |
senario | Robert Mark Kamen | |
kamerarezjy | James Crabe | |
muzyk | Bill Conti | |
filmstudio | Delphi II Productions Jerry Weintraub Productions | |
distribúsje | Columbia Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Ralph Macchio Pat Morita | |
byrollen | Elisabeth Shue William Zabka Randee Heller Martin Kove | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 22 juny 1984 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | sportdrama | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 127 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $8 miljoen | |
opbringst | $100 miljoen (Noard-Amearika) | |
filmsearje | ||
filmsearje | The Karate Kid | |
● folgjend diel | The Karate Kid Part II |