The Heroes of Telemark
film út 1965 fan Anthony Mann / From Wikipedia, the free encyclopedia
The Heroes of Telemark is in Britsk-Amerikaanske histoaryske oarlochsfilm út 1965 ûnder rezjy fan Anthony Mann, mei yn 'e haadrollen Kirk Douglas en Richard Harris. De titel betsjut: "De Helden fan Telemark". It ferhaal is basearre op 'e histoaryske Noarske swierwettersabotaazje dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 1943 en 1944 yn 'e provinsje Telemark útfierd waard troch it Noarske ferset, om foar te kommen dat nazy-Dútslân in atoombom ûntwikkelje koe. De film waard troch de filmkritisy oer it algemien mei positive resinsjes ûntfongen, en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses.
Fluch de feiten
The Heroes of Telemark | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Anthony Mann | |
produsint | Benjamin Fisz | |
senario | Ben Barzman Ivan Moffat | |
basearre op | Kampen om Tungtvannet fan Knut Haukelid en But for These Men fan John Drummond | |
kamerarezjy | Robert Krasker | |
muzyk | Malcolm Arnold | |
filmstudio | Benton Film Productions J. Arthur Rank Productions Allied Artists | |
distribúsje | The Rank Organisation (Fer. Ken.) Columbia Pictures (Fer. St.) | |
spilers | ||
haadrollen | Kirk Douglas Richard Harris | |
byrollen | Ulla Jacobsson Michael Redgrave Roy Dotrice David Weston | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 23 novimber 1965 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske oarlochsfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 130 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $5 miljoen | |
opbringst | ûnbekend |
Slute