The Hate U Give (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
The Hate U Give is in Amerikaanske drama-, jeugd- en coming-of-agefilm út 2018 ûnder rezjy fan George Tillman jr., mei yn 'e haadrollen Amandla Stenberg, Russell Hornby en Regina Hall. De titel betsjut "De Haat Dy'tst Jouste", wêrby't "U" in fonetyske stavering is fan it wurd You. It is in ferwizing nei de histoaryske rapformaasje mei de namme Thug Life (1993–1995), dy't neffens foaroanman Tupac Shakur in ôfkoarting wie foar "The Hate U Give Little Infants Fucks Everybody" ("De Haat Dy'tst Lytse Bern Bybringst Ferkloatet it foar Eltsenien"). De film is basearre op 'e roman foar jongfolwoeksenen mei deselde namme fan Angie Thomas. It ferhaal folget de yntelliginte Starr Carter, in Afro-Amerikaansk famke út in earme swarte wyk dat leart oan in goede middelbere skoalle yn in rike blanke wyk. Hja libbet sadwaande yn twa ferskillende wrâlden. Wannear't har freon Khalil by in ferkearskontrôle troch in blanke plysjeman deasketten wurdt wylst sy njonken him yn 'e auto sit, set de neisleep fan dat foarfal har libben op 'e kop. The Hate U Give waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Fan 'e filmkritisy krige de film suver unanym lof taswaaid. Yn 'e bioskopen wie it in beskieden kommersjeel súkses.
The Hate U Give | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | George Tillman jr. | |
produsint | Marty Bowen Wyck Godfrey Robert Teitel George Tillman jr. | |
senario | Audrey Wells | |
basearre op | de roman fan Angie Thomas | |
kamerarezjy | Mihai Mălaimare jr. | |
muzyk | Dustin O'Halloran | |
filmstudio | Fox 2000 Pictures Temple Hill Entertainment State Street Pictures | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Amandla Stenberg Russell Hornsby Regina Hall | |
byrollen | Lamar Johnson T.J. Wright Common Anthony Mackie | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 5 oktober 2018 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | jeugddramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 133 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $23 miljoen | |
opbringst | $34,9 miljoen |