The Dead Pool
film út 1988 fan Buddy Van Horn / From Wikipedia, the free encyclopedia
The Dead Pool is in Amerikaanske plysjefilm en aksjeskriller út 1983 ûnder rezjy fan Buddy Van Horn, mei yn 'e haadrollen Clint Eastwood, Patricia Clarkson en Evan C. Kim. De titel betsjut "De Deadepoel", ek wol oerset as "De Deadelotto". It ferhaal folget de bikkelhurde plysje-ynspekteur Dirty Harry Callahan as er in searjemoardner op it spoar komt dy't in dead pool-spultsje manipulearret troch de bekende persoanen dy't dêrfoar opjûn binne (ûnder wa Callahan sels), ien foar ien te fermoardzjen. Underwilens moat er him ek noch de trewanten fan in tanksij syn tsjûgenis feroardiele maffiabaas fan it liif sjen te hâlden. The Dead Pool wie it fyfde en lêste diel út 'e Dirty Harry-filmsearje. Yn 'e film binne yn byrollen Liam Neeson en Jim Carrey (yn syn filmdebút) te sjen, dy't neitiid wrâldferneamd wurde soene. The Dead Pool krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen. In ferneamd sitaat fan Dirty Harry út dizze film is: "In miening is krekt in kontgat; eltsenien hat der wol ien."
The Dead Pool | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Buddy Van Horn | |
produsint | David Valdes | |
útfierend produsint | Clint Eastwood | |
senario | Steve Sharon | |
kamerarezjy | Jack N. Green | |
muzyk | Lalo Schifrin | |
filmstudio | Malpaso Productions | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Clint Eastwood Patricia Clarkson Evan C. Kim | |
byrollen | Liam Neeson David Hunt Michael Currie Michael Goodwin Jim Carrey | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 13 july 1988 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | plysjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 91 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $31 miljoen | |
opbringst | $37,9 miljoen (Feriene Steaten) | |
filmsearje | ||
filmsearje | Dirty Harry | |
● foarich diel | Sudden Impact |