Territoarium Nij-Meksiko
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Territoarium Nij-Meksiko (Ingelsk: Territory of New Mexico of ek wol New Mexico Territory) wie in organisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten dat 62 jier bestie, fan 1850 oant 1912. It ûntstie as gefolch fan 'e territoriale oanwinsten yn it Amerikaanske Súdwesten dy't fuortkamen út 'e Amerikaanske oerwinning yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch. It territoarium wie yn 't earstoan folle grutter as de lettere Steat Nij-Meksiko; it omfette ek de hiele lettere steat Arizona en dielen fan 'e steaten Nevada en Colorado. Lang om let waard it yn 1912 omfoarme ta in folweardige Amerikaanske steat.
Fluch de feiten Territoarium Nij-Meksiko Territory of New Mexico, 1850 – 1912 ...
Territoarium Nij-Meksiko Territory of New Mexico | |
---|---|
1850 – 1912 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Santa Fe |
offisjele taal | Ingelsk |
steatsfoarm | organisearre territoarium fan de Feriene Steaten |
ûntstien út | ● Am. prov. bestjoer fan Nij-Meksiko ● Republyk Teksas |
opgien yn | ● Territoarium Arizona ● Territoarium Colorado ● Steat Nevada ● Steat Nij-Meksiko |
no diel fan | ● Arizona ● Colorado ● Nevada ● Nij-Meksiko |
sifers | |
ynwennertal | 61.547 (1850) 327.301 (1910) |
befolkingstichtens | 1,0 / km² (1910) |
oerflak | 315.194 km² (1863-1910) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Amerikaanske dollar |
Slute