From Wikipedia, the free encyclopedia
In territoarium (meartal: territoaria) (fan it Frânske territoire) is in yn guon konteksten gebrûklike oantsjutting foar in subnasjonaal gebietsdiel mei in beskate foarm fan selsbestjoer. Yn in protte lannen mei in federale bestjoersstruktuer makket men ntl. ûnderskie tusken folweardige dielsteaten of provinsjes oan 'e iene kant, en territoaria oan 'e oare kant. De dielsteaten of provinsjes hawwe dan ornaris in frij fiergeande foarm fan selsbestjoer, en diele yn 'e soevereiniteit fan 'e federaasje, wylst de territoaria foar beskate beliedsterreinen folslein ôfhinklik wêze kinne fan 'e federale oerheid en gjin inkele foarm fan soevereiniteit besitte.
Men sprekt yn sokke gefallen fan 'federale territoaria'. Dat soarte gebieten binne òf lyts fan oerflak òf tige tinbefolke. Faak leit de federale haadstêd yn in federaal territoarium of federaal distrikt. Foarbylden fan sokke territoaria binne Yukon, Nûnavût en de Noardwestlike Territoaria yn Kanada, it Distrikt Columbia yn 'e Feriene Steaten en it Noardlik Territoarium en it Australysk Haadstedsk Territoarium yn Austraalje.
'Territoarium' kin lykwols ek in algemiene oantsjutting wêze foar oerseeske, net-selstannige lannen, de saneamde ôfhinklike territoaria. Foarbylden dêrfan binne Porto Riko, Gûam en Amerikaansk-Samoä (falle ûnder de Feriene Steaten), Gibraltar, de Turks- en Kaikoseilannen en de Pitcairneilannen (falle ûnder it Feriene Keninkryk), Frânsk-Guyana, Nij-Kaledoanje en Sint-Pierre en Miquelon (falle ûnder Frankryk) en Kurasau, Arûba en Sint-Marten (falle ûnder Nederlân).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.