Tergrêft (Offisjeel Frysk) is in buorskip súdlik fan Wânswert en súdwestlik fan Burdaard yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Thumb
Sjoen fanôf de dyk fan Burdaard nei Bartlehiem.

It buorskip hat syn namme krige troch it trochgraven fan de Dokkumer Ie yn de 13e iuw. Der wienen twa âlde seeslinken. De iene kaam út de Lauwerssee en de oare út de Middelsee. Trochdat dêr in ferbining tusken makke waard ûntstie de Dokkumer Ie. Ljouwert krige sa in farwei nei It Waad. Tergreft leit by de westlike ein fan dy ferbinings-grêft.

Hy leit op it plak dêr't it Dokkumer Djip en de Dokkumer Ie troch in groeven ferbining oan elkoar ferbûn waarden. De delsetting wurdt ek neamd as Graft, Graftte, Tergracht, Tergragt en Ter Gracht.

By Tergreft leit de Iedyk it tichtst by de Dokkumer Ie. Op dit plak giet de Noardermiedwei nei it westen nei Hallum, en de fuortsetting fan de âlde slinge giet as Hearrenweister Feart nei it noarden nei Wânswert en Marrum.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.