![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/a/ab/Tamatori_being_pursued_bya_dragon.jpg/640px-Tamatori_being_pursued_bya_dragon.jpg&w=640&q=50)
Tentakelpornografy
From Wikipedia, the free encyclopedia
Tentakelpornografy (Japansk: shokushu goukan; 触手責め) is de oantsjutting foar in soarte fan grutdiels tekene of animearre pornografy dy't benammen yn Japan libbet en dy't eleminten fan tradisjonele pornografy yntegrearret mei horror- en science fictionmotiven. Tentakelpornografy kin mei ûnderling goedfinen barre, mar gauris binne der alteast eleminten by fan net-frijwillige seks. Tentakelferkrêfting (shokushu goukan; 触手強姦) komt foar yn guon horror- en hentai-wurken, wêrby't ornaris optochte meunsters mei tentakels seksuële omgong hawwe mei ûnwillige froulike personaazjes. It sjenre is yn Japan populêrdernôch dat der sels parodyen op besteane. Sûnt it begjin fan 'e njoggentiger jierren binne Japanske animaasjefilms dy't tentakelpornografy befetsje ek yn Jeropa en Noard-Amearika op 'e merk kommen. Dêrtroch en troch de maklike fersprieding fia it ynternet hat dit sjenre koartby in mear mondiaal publyk wûn, ek al bliuwt it mar in tige lyts part fan 'e pornoyndustry.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/b/b7/Tako_to_ama_retouched.jpg/640px-Tako_to_ama_retouched.jpg)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/a/ab/Tamatori_being_pursued_bya_dragon.jpg/640px-Tamatori_being_pursued_bya_dragon.jpg)