Súdwesthoeksk
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Súdwesthoeksk, ek wol Súdhoeksk neamd, is ien fan 'e fjouwer grutte Fryske dialekten. It wurdt sprutsen yn 'e lânstreek dy't bekend stiet as de Súdwesthoeke, en dy't it súdwestlike part fan 'e provinsje Fryslân beslacht. Dat is in gebiet dat begrinzge wurdt troch de Iselmar yn suden en westen, en yn it noarden en easten rûchwei troch in tinkbyldige line fan Warkum oer De Jouwer en It Hearrenfean nei Skoattersyl ta. Neffens in skatting op grûn fan gegevens út 2004 soe it Súdwesthoeksk yn 'e provinsje Fryslân sprutsen wurde troch likernôch 58.000 minsken; hoefolle Friezen om utens oft Súdwesthoeksk sprekke, is net dúdlik.
Fluch de feiten
Súdwesthoeksk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Súdhoeksk | |
eigen namme | Súdwesthoeks | |
lânseigen yn | ![]() | |
tal sprekkers | 58.000 (2004, skatting) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Frysk ● Westerlauwersk Frysk ● Súdwesthoeksk | |
dialekten | Lemsterlânsk | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal | gjint |
Slute