In synagoge (Gryksk foar hûs fan gearkomst; Hebriuwsk: Beit Knesset of Beis Knesses - בית כנסת') of sjoel (Jiddysk, komt fan it DútskeSchule, 'skoalle') is yn it joadendom in gebedshûs en mienskipshûs, dêr't religieuze gearkomsten holden wurde. Yn (ortodokse) synagoges wurde yn it generaal 22 tsjinsten yn de wike holden. De tsjinsten dy't de measte minsken lûke binne dy fan de 'hege feestdagen' Jom Kipoer en Rosj Hasjana folge troch dy fan de oare feestdagen en sjabbat.