Söl (Deensk: Sild, Dútsk: Sylt) is it grutste Noard-Fryske waadeilân. It leit yn 'e bestjoerlike krite Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein, de haadstêd is Westerlân. It leit fan noard nei súd foar de kust fan Sleeswyk-Holstein. It is yn Dútslân foaral bekend fanwege de toeristysk wichtige kueroarden fan Westerlân, Kampen en Wenningstedt en ek om it hast 40 km lange Weststrân.

Thumb
Lokaasje fan it eilân Söl

Feiten

Thumb
Kaart fan Söl yn trije talen
Thumb
Söl
  • oerflak: 99 km2
  • langte: 35 kilometer
  • breedte: maksimaal 13 kilometer
  • heechste punt: 52 meter boppe de seespegel by Geest
  • ynwennertal: 20.858 ynwenners (2010)

Ferfier

It eilân is oer de Hindenburgdaam mei de fêste wâl ferbûn dat is feitlik gjin eilân mear. Oer de daam leit allinnich in spoar, mar auto's kinne op de trein meiride (Sylt Shuttle).

Fan lofthaven Sylt binne flechten fan en nei it fêstelân, Italië, Eastenryk, it Feriene Keninkryk en Switserlân.

Teffens kin mei de Sylt-express fan it Deenske eilân Romo yn likernôch 40 minuten nei Söl reizge wurde.

Ferneamde eilânbewenners

Keppeling om utens

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.