From Wikipedia, the free encyclopedia
De Switserske Garde is in keppel hiersoldaten fan Switserske komôf. Hja hâlde tafersjoch yn it Fatikaan en wurkje foar de paus. Der binne 110 man by de Garde, wêrfan 6 offisieren, 26 ûnderoffisieren en 78 soldaten (gardisten).
Bern tusken de 14 en 18 jier kinne in oriïntaasje by de Switserske Garde yn it Fatikaan dwaan. Manlju tusken de 19 en 30 jier meie gading meitsje. It moatte katolike manlju wêze fan Switserske komôf dy't op syn minst 1,74 m grut binne.
Alhiel neffens de tradysje ha de soldaten in blau-giel-read uniform. Guon tinke dat it uniform troch Michelangelo makke is. It uniform is lykwols makke troch de Jules Repond, dy't yn it tiidrek 1910-1921 kommandant fan de Garde wie. De soldaten ha ek in blau deistich uniform. De soldaten yn it kreaze uniform rinne sichtber mei in swurd en helleburd. Yn de broeksbokse ha se in automatysk gewear en pistoal.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.