From Wikipedia, the free encyclopedia
It swartstippelige parlemoerflinter (“Boloria selene”) is in soarte yn it skaai fan de hoedersparlemoerflinters (Boloria).
swartstippelige parlemoerflinter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Boloria selene | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De swartstippelige parlemoerflinter is seldsume stânflinter. Hy komt foar op de grins fan de provinsjes Súd-Hollân en Utert. Ek komt de flinter foar yn Fryslân en ek op Skylge. Der is in populaasje yn Oerisel. Yn 1993 is de soarte útsetten yn it natuergebiet De Meie. Der hat him in selsstannige populaasje ûntwikkele. Yn 2001 is in populaasje útsetten by Ilperfjild. Dy populaasje hat it net rêden.
De flinter hâldt fan wiete, skrale greiden mei blomrike healannen.
Op de reade list stiet de flinter as bedrige.
De wjuklingte is 18 oant 22 mm. De boppekant fan de wjukken is oranje mei swarte plakken en stippen. De ûnderkanten fan de wjukken binne mei in soad kontrast tekene. Alle plakken yn de middenbân binne giel of sulver.
De flinter fljocht yn twa generaasjes. De earste generaasje fljocht fan maaie ôf oant heal juny. De twadde generaasje fljocht fan heal juny ôf oant heal septimber. De flinters binne de hiele dei aktyf.
De rûp oerwinteret as healwaaks rûp. De ferpopping fynt plak oan in stâle leech yn de fegetaasje.
De weardplant fan de rûp is it Moerasfioeltsje, Hûnsfioeltsje en it Dúnfioeltsje.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.