From Wikipedia, the free encyclopedia
Swartewetterskleaster (Nederlânsk en offisjeel: Zwartewatersklooster) is in buorskip yn Oerisel, yn de gemeente Swartewetterlân. It leit noardlik fan Hasselt en súdeastlik fan Swartslús.
Yn 1233 waard hjir in benediktissenkleaster stifte: Mariënberg, letter better bekend as it Swartewetterskleaster. It kleaster waard mooglik stifte as in betinkplak foar de manlju, lykas ûnder oaren de biskop Otto II fan de Lippe, dy't omkamen yn de slach by Ane yn 1227. It is in lyts smûk buorskip middenyn in natuergebiet. Op it plak dêr't it kleaster stien hat is no in tsjerkhôf.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.