Suspicion (film út 1941)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Suspicion is in Amerikaanske romantyske psychologyske skrillerfilm út 1941 ûnder rezjy fan Alfred Hitchcock, mei yn 'e haadrollen Cary Grant en Joan Fontaine. De titel betsjut "Wantrouwen". De film is basearre op 'e roman Before the Fact, fan Francis Iles, út 1932. It ferhaal giet oer in jonge Britske frou dy't fereale rekket op in man en mei him útnaait en trout, mar dan ûntdekt dat er in beroaide, ligende liddichgonger is dy't ferslave is oan gokken. Meitiid begjint se te fermoedzjen dat er ek noch in moardner is, en dat er fan doel is har út 'e wei te romjen. De filmkritisy wiene doedestiden ferdield oer Suspicion, hoewol't de film no tige heech wurdearre wurdt. Yn 'e bioskopen die de film it wol goed. Joan Fontaine wûn foar har rol yn Suspicion yn 1942 de Oscar foar bêste aktrise.
Suspicion | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Alfred Hitchcock | |
produsint | Alfred Hitchcock Harry E. Edington | |
senario | Samson Raphaelson Joan Harrison Alma Reville | |
basearre op | Before the Fact fan Francis Iles | |
kamerarezjy | Harry Stradling sr. | |
muzyk | Franz Waxman | |
filmstudio | RKO Pictures | |
distribúsje | RKO Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Cary Grant Joan Fontaine | |
byrollen | Nigel Bruce sir Cedric Hardwicke dame May Whitty Auriol Lee | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 14 novimber 1941 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske psychologyske skriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 99 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $1,1 miljoen | |
opbringst | $1,8 miljoen | |
prizen | 1 × Oscar |