From Wikipedia, the free encyclopedia
De Strjitte fan Torres of de Torresstrjitte is in seestrjitte tusken it Kaap Yorkskiereilân yn de Australyske dielsteat Queensland en Papoea Nij-Guinea. De strjitte is sa'n 150 km breed en ferbynt de Koraalsee yn it easten mei de Arafurasee yn it westen.
Strjitte fan Torres | ||
geografy | ||
type wetter | see-ingte | |
lokaasje | tusken it Kaap Yorkskiereilân fan Austraalje en it eilân Nij-Guineä | |
lân | Austraalje Papoea Nij-Guineä | |
koördinaten | 9°50′ S, 142°30′ E | |
ûnderdiel fan | Arafuerasee / Koraalsee | |
sifers | ||
maks. lingte | 50 km | |
maks. breedte | 150 km | |
djiptegemiddelde | 7 m | |
djipste punt | 15 m | |
De Strjitte fan Torres mei de Torresstrjitte-eilannen. |
De Strjitte fan Torres waard yn 1606 ûntdutsen troch de Spanjert Luis Vaéz de Torres, dy't de súdkust fan Nij-Guinea fan east nei west folge. De earstfolgjende Europeaan dy't de Strjitte wer befarde wie James Cook yn 1770. Ferskate Nederlânske ûntdekkingsreizgers, sa as Abel Tasman, wienen net by steat om út te finen oft it in seestjritte wie of dat Nij-Guinea en Austraalje oan elkoar fêstsieten.
De Strjitte fan Torres-eilannen hearre ta de Australyske dielsteat Queensland. Sy lizze ferspraat oer in gebiet fan sa'n 48.000 km². Fan de likernôch 247 eilannen binne der mar sa'n 17 bewenne. De Strjitte Torres-eilanners, de oarspronklike bewenners fan de eilannen, binne fan Melanesysk komôf en hawwe de eilannen sa'n 5000 jier lyn fanút Papoea Nij-Guinea befolke. Troch har hannel oer see en ynteraksje mei de Papoeas yn it noarden en de Australyske Aborizjinals is der stadichoan in kulturele ferminging tusken de trije etnyske groepen ûntstien, dy't lykwols al tûzenen jierren tebek begûn is.
Sadwaande wurdt op de eilannen yn de Strjitte fan Torres njonken de bestjoerstaal Ingelsk ûnder oaren ek Mabuiag, Meriam en de mingtaal Torres-kreoalsk praat (in Kreoalske taal dy't besibbe is oan it Tok Pisin fan Papoea-Nij-Guinea.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Torres Strait fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.