De Stichting Alde Grinslânske Tsjerken (Stichting Oude Groninger Kerken) (SOGK) is in stifting dy't besiket om it erfgoed fan iuwen tsjerkebou yn de provinsje Grinslân foar de neiteam te behâlden. De stifting is eigner fan goed 60 tsjerken. Dy tsjerken krije somtiids in nije bestimming. Teffens rjochtet de stichting him op it behâld fan âlde tsjerkhôven.

De SOGK waard 1969 oprjochte as earste regionale stifting yn Nederlân dy't krewearre foar it ûnderhâld fan tsjerken. It inisjatyf kaam fan de Provinsjale Tsjerkegearkomste fan de Herfoarme Tsjerke. De earste foarsitter wie dûmny Bjarne Kristensen. Bekende persoanen fan de organisaasje wiene Regnerus Steensma en Harry de Olde.

De Stichting hat meast tsjerken út de 12e en 13e iuw yn besit, mar ek in stikmannich jongere tsjerken. Guon tsjerken binne pearels fan de romanogotyk. In tsjerke wurdt allinne oernaam at dy op de monumintelist stiet, oars kin gjin oanspraak makke wurde op restauraasjesubzydjes. De stichting jout fjouris it jier it tydskrift "Groninger Kerken" út. It kantoar fan de stichting húsmannet yn de Remonstrantske tsjerke yn Grins.

Keppeling om utens

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.