In park is in ûnbeboud gebiet binnen de beboude kom fan almeast in gruttere stêd, dat reservearre is foar natoer en minsklike rekreaasje en ferdivedaasje.
Parken omfetsje almeast beammen en strewelleguod, mar ek iepen, mei gers, begroeide fjilden dy't wol wat wei hawwe fan greiden. Ek rotspartijen en fivers en oare wettereleminten meitsje gauris ûnderdiel út fan parken. Guon binne strang oardere, yn 'e foarm fan Ingelske of Frânske tunen, wylst oaren wol hast noch yn har natuerlike steat lykje te ferkearen. Frijwol alle parken binne lykwols troch de minske ûntwurpen. It binne faak oäzes fan rêst yn drokke stêden, dêr't behalven minsken ek alderhanne floara en fauna gearkloftet.
Guon fan 'e bekendste parken yn 'e wrâld binne Central Park yn New York, Hyde Park yn Londen en it Bois de Boulogne by Parys. Yn Nederlân is it Vondelpark yn Amsterdam nei alle gedachten it bekendst.
Der besteane ek nasjonale parken (en, yn it ferlingde dêrfan, subnasjonale parken, lykas provinsjale en steatsparken). Dat binne beskerme natoergebieten dy't faak fier fan 'e grutte stêden ôf lizze, en net folle gemien hawwe mei gewoane parken, of it moat wêze dat minsken de rekreëarje kinne.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.