Stasjon Holwert
From Wikipedia, the free encyclopedia
Stasjon Holwert (Hlw) wie in stopplak oan it eardere spoar fan Ljouwert nei Eanjum. It stopplak fan Holwert waard iepene op 22 april 1901 en sluten op 1 desimber 1940. It stasjonsgebou út 1901 bestiet noch mar is troch ferskate útwreidings net goed mear te werkennen.
Fluch de feiten
Stasjon Holwert | ||
Stasjon Holwert (1932) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Holwert | |
adres | Stasjonswei | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Hlw | |
iepening | 22 april 1901 | |
sluting | 1 desimber 1940 | |
boujier | 1901 | |
oare ynformaasje | ||
spoarline | Dokkumer lokaaltsje | |
Stasjon Holwert (2009) | ||
kaart | ||
Slute
Dit stasjon is boud nei it stasjonsûntwerp mei de namme Standerttype NFLS, dat benammen brûkt waard foar ferskate spoarstasjons yn Fryslân. It stasjon Holwert foel binnen it type NFLS halte 2e klasse.