Star Trek II: The Wrath of Khan
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Trek II: The Wrath of Khan is in Amerikaanske science fiction-film út 1982 ûnder rezjy fan Nicholas Meyer, mei yn 'e haadrollen William Shatner, Leonard Nimoy en DeForest Kelley. De ûndertitel betsjut "De Grime fan Khan". It ferhaal folget kaptein James T. Kirk en de bemanning fan it Stjerrefloat-romteskip de USS Enterprise as se te meitsjen krije mei de genetysk "ferbettere" supersoldaat Khan Noonien Singh, dy't wraak nimme wol foar syn ferballing troch Kirk nei in planeet dy't ûnbewenber wurden is. Kirk-en-dy moatte sjen foar te kommen dat Khan it gefaarlike terrafoarmingsapparaat Genesis yn 'e hannen kriget.
Star Trek II: The Wrath of Khan | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Nicholas Meyer | |
produsint | Robert Sallin | |
útfierend produsint | Harve Bennett | |
senario | Jack B. Sowards Nicholas Meyer | |
basearre op | Star Trek: The Original Series fan Gene Roddenberry | |
kamerarezjy | Gayne Rescher | |
muzyk | James Horner | |
filmstudio | Paramount Pictures | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | William Shatner Leonard Nimoy DeForest Kelley | |
byrollen | James Doohan Nichelle Nichols George Takei Walter Koenig Ricardo Montalbán Bibi Besch | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 4 juny 1982 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 113 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $12 miljoen | |
opbringst | $97 miljoen | |
prizen | 2 × Saturn Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Star Trek | |
● foarich diel | Star Trek: The Motion Picture | |
● folgjend diel | Star Trek III: The Search for Spock |
Star Trek II: The Wrath of Khan wie it twadde diel yn 'e Star Trek-filmrige, dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje mei deselde namme út 'e 1960-er jierren. It wie ek it earste diel fan in trochrinnende, trije films omfetsjende ferhaalline, dy't fierder gie mei Star Trek III: The Search for Spock (1984) en einige mei Star Trek IV: The Voyage Home (1986). Star Trek II: The Wrath of Khan waard troch de filmkritisy oer it algemien mei positive resinsjes ûnthelle en wurdt noch altyd troch in protte filmkenners beskôge as ien fan 'e bêste films út 'e Star Trek-rige. De film wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen, wat derfoar soarge dat der mear films makke wurde koene nei it teloarstellende resultaat fan it foargeande diel, Star Trek: The Motion Picture.