Split (Amerikaanske film út 2016)
film út 2017 fan M. Night Shyamalan / From Wikipedia, the free encyclopedia
Split is in Amerikaanske psychologyske skriller, horrorskriller en supersmjuntefilm út 2016 ûnder rezjy fan M. Night Shyamalan, mei yn 'e haadrollen James McAvoy en Anya Taylor-Joy. De titel betsjut "Spjalt" of "Spjalting". De plot folget in geastlik tramtearre man mei in dissosjative identiteitssteuring (yn 'e folksmûle: in spjalten persoanlikheid). Twa fan syn trijeëntweintich persoanlikheden wurkje gear om 'e rest bûtenspul te setten en trije teenagefamkes te ûntfieren. Dy wurde finzen holden yn in ûndergrûnske fasiliteit mei as doel om 'e komst fan in fjouwerentweintichste identiteit ta te rieden, dy't "it Bist" neamd wurdt. Split is it op himsels steande twadde diel fan 'e Eastrail 177 Trilogy fan Shyamalan. De film is dêrmei it ferfolch op Unbreakable, út 2000. Fan 'e filmkritisy krige Split oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film ek kommersjeel súksesfol. Yn 2019 waard de Eastrail 177 Trilogy foltôge mei de film Glass.
Split | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | M. Night Shyamalan | |
produsint | M. Night Shyamalan Jason Blum Marc Bienstock | |
senario | M. Night Shyamalan | |
kamerarezjy | Mike Gioulakis | |
muzyk | West Dylan Thordson | |
filmstudio | Blinding Edge Pictures Blumhouse Productions | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | James McAvoy Anya Taylor-Joy | |
byrollen | Betty Buckley Haley Lu Richardson Jessica Sula | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 26 septimber 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | psychologyske skrillerfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 117 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $9 miljoen | |
opbringst | $278,5 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Eastrail 177 Trilogy | |
● foarich diel | Unbreakable | |
● folgjend diel | Glass |