Spiraal (wiskunde)
From Wikipedia, the free encyclopedia
In spiraal is in kromme dy 't om in bepaald punt draait en hieltiten tichter by dit punt komt of der hieltiten fierder fan ôf giet.
In spiraal kin ienfâldich tekene wurde troch in spiker yn de ûndergrûn te stekken en mei in tou oan in potlead te ferbinen. At it potlead de ûndergrûn rekket en it dêrnei nei lofts of nei rjochts beweegd wurdt (mei spand tou), dan ferskynt in spiraalfoarmige streek op de ûndergrûn, trochdat it tou om de spiker wuolle wurdt en dêrtroch hieltiten koarter wurdt.