![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/7/7f/6th_Inf_Regt_Spandau_Prison_1951.jpg/640px-6th_Inf_Regt_Spandau_Prison_1951.jpg&w=640&q=50)
Spandaufinzenis
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Spandaufinzenis wie in finzenis yn Berlyn-Spandau oan de Wilhelmstraße. De bou duorre fan 1876 oant 1879.
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/7/7f/6th_Inf_Regt_Spandau_Prison_1951.jpg/320px-6th_Inf_Regt_Spandau_Prison_1951.jpg)
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/4/46/Kriegsverbrechergef%C3%A4ngnis_Spandau_-_Wachturm_Wilhelmstra%C3%9Fe.jpg/320px-Kriegsverbrechergef%C3%A4ngnis_Spandau_-_Wachturm_Wilhelmstra%C3%9Fe.jpg)
Oarspronklik wie it gebou in militêre finzenis. Fan 1919 ôf waarden dêr ek boargers fêstholden.
De finzenis foel nei de Twadde Wrâldoarloch ûnder it bestjoer fan de fjouwer besettingsmachten (de Feriene Steaten, Frankryk, Grut-Brittanje en de Sovjet-Uny). Elke moanne fan it jier hie in oare besettingsmacht sizzenskip oer de finzenis.
Totaal waarden der sân Dútske oarlochsmisdiedigers, feroardield by de Prosessen fan Neurenberch, opsletten. Op 18 july 1947 waarden se nei Spandau oerbrocht.
De finzenen waarden net by harren namme neamd, mar mei harren nûmer. Baldur von Schirach wie nûmer 1, Albert Speer nûmer 5 en Rudolf Hess nûmer 7. De regels yn de Spandaufinzenis wie folle stranger as yn oare Dútske finzenissen, foaral yn de earste jierren.
Namme | feroardeling | ein finzenskip | reden |
---|---|---|---|
Konstantin von Neurath | 15 jier | 6 novimber 1954 | sûnens |
Erich Raeder | libbenslang | 26 septimber 1955 | sûnens |
Karl Dönitz | 10 jier | 1 oktober 1956 | straf útsitten |
Walther Funk | libbenslang | 16 maaie 1957 | sûnens |
Baldur von Schirach | 20 jier | 1 oktober 1966 | straf útsitten |
Albert Speer | 20 jier | 1 oktober 1966 | straf útsitten |
Rudolf Hess | libbenslang | 17 augustus 1987 | selsmoard |