From Wikipedia, the free encyclopedia
De Slach op de Grutte Flakten (Latyn: Campi Magni), ek bekend as de Slach by de Bagradas, wie in slach dy't útfochten waard tusken de Romeinske generaal Skipio Afrikanus en in kombinaasje fan Kartaachske en Numidyske striidkrêften letteroan yn de Twadde Punyske Oarloch. De slach waard útfochten op de flakten besuden Bulla Regia oan de rivier de Bagradas, hjoed-de-dei de Medjerda yn Tuneezje. De oanfal moast Hannibal ôfliede, dy't de Romeinen yn Itaalje oanfoel. Troch de Kartagers yn harren thúslân te ferslaan, twong Skipio Hannibal Itaalje te ferlitten en werom te kearen nei Afrika om letter yn de Slach by Zama ferslein te wurden.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Generaal Hasdrubal Gisko en syn bûnsmaat Syffaks, de kening fan de Westnumidyske stamme fan de Massesyljers, koene ûntkomme fan harren kampen, doe't dy troch Skipio Afrikanus en syn bûnsmaat Massinissa fan de Eastnumidyske stamme fan de Massyljers ferneatige waarden. Hasdrubal en Syffaks lutsen werom en fersterken harren legers mei 4.000 Keltibearyske hierlingen. Hja woene nochris in kear besykje en stopje Skipio Afrikanus syn kampanjes yn Noard-Afrika. Nije belestings waarden yn Kartago en Numydje heft en meikoarten hiene Syffaks en Hasdrubal in leger fan 30.000 manlju byïnoar garre. Yn 203 f.Kr. marske Skipio fan syn kamp by Utika ôf om foaroer Hasdrubal en Syffaks te stean op in plak dy't de "Grutte Flakten" neamd waard.
De slach waard útfochten tusken in Romeinsk leger ûnder lieding fan Skipio Afrikanus en in kombinearre Kartaachsk-Numidyske striidkrêft, oanfolle troch Ibearyske hierlingen, benammen Keltibearjers, dêr't it Kartaachsk part laat waard troch Hasdrubal Gisko, en it Numidysk part troch Syffaks.
Hasdrubal stelde de Ibearjers op yn it midden, mei de Kartaachske ynfantery en kavalery oan de flanken. De Romeinske ynfantery waard yn trije rigen opsteld, dêr't de hastati de earste rige, de principes de twadde rige, en de triarii de tredde rige foarmen.
De Romeinske kavalery ferjage de Kartaachske ynfantery en kavalery en dy flechten fan it fjild fuort. Allinnich de Ibearyske ynfantery hold stân en ferdigene himsels. It tal Ibearyske hierlingen wie like grut as de hastati yn de earste rige fan de Romeinske ynfantery. Dêrnei oardere Skipio syn principes en triarii fan benefter de hastati wei en fal de flanken fan de Ibearyske hierlingen oan, dêr't se hast folslein besingele waarden. De Numydjers ûnder Syffaks bleaune ynearsten trochfjochtsjen, mar flechten dêrnei ek al rillegau.
Syffaks flechte dêrnei nei syn keninkryk yn Numydje, mar waard troch Massinissa en Gaius Laelius efterfolge. Hy waard troch harren ferslein yn de Slach by Sirta, en waard dêrnei troch harren finzennommen en oan de Romeinen as finzene jûn. Massinissa krige dêrnei it bestjoer oer Syffaks syn keninkryk.
Nei de slach hiene de Kartagers net folle kar as frede mei Rome te sluten. Skipio stelde reedlike betingsten foar in fredesferdrach foar, mar wylst de Kartagers dy betingsten oerwagen, rôpen se Hannibal werom út Itaalje wei, dy't in leger fol trouwe feteranen ta syn beskikking hie. Kartago keas foar in nije konfrontaasje mei Rome, dat ta de Slach fan Zama late, dy't de Twadde Punyske Oarloch ta in ein brocht.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.