Slach oan de Urbikus
From Wikipedia, the free encyclopedia
De slach oan de Urbikus wie op 5 oktober 456 oan de rivier de Urbikus (tsjintwurdich de Tuerto), ticht by de stêd Astorga yn eartiids Romeinske provinsje Gallaecia, it hjoeddeiske Galysje yn noardwest-Spanje. Yn de fjildslach waard in Germaanske stam, de Suëven, folslein ferslein troch in oare Germaanske stam, de Fisigoaten.