From Wikipedia, the free encyclopedia
In skyldwacht is in funksje yn 'e kriichsmacht dy't yn 'e regel by toerbeurt útoefene wurdt troch sljochtwei soldaten, mariniers of matroazen. It omfiemet it bewekjen fan in kamp, fort, kazerne, basis, skip of oare militêre ynstallaasje troch op in beskaat punt, de saneamde post, de wacht te hâlden of oer in beskaat trajekt te patrûljearjen. Faak hawwe skyldwachten in houten of stiennen wachthúske dat har by min waar beskutting biedt. By de kavalery wurdt in skyldwacht in fedette neamd. De ôflossing fan de wacht is tsjintwurdich yn in soad lannen in tradysje dy't mei grut fertoan fan seremonieel útfierd wurdt en dêrtroch soms sels in toeristyske attraksje wurden is.
Skyldwachten hawwe har te hâlden oan frijwat regels, dy't per lân ferskille kinne. Yn Nederlân wie it foarhinne sa dat in skyldwacht by it foarbykommen fan ofsieren twa passen rjochts fan syn wachthúske dwaan en saluëarje moast. Allinnich by tige min waard mocht er yn syn wachthúske skûlje, mar dan moast er by it neieroan kommen fan ofsieren, ôflossing, patrûljes of fertochte persoanen wol op 'e tiid wer út dat wachthúske foar it ljocht komme. Fierders mochten skyldwachten net sjonge, floitsje, sitte, lêze of sûnder needsaak prate as se op wacht stiene. Likemin mochten se har mear as tritich passen fan har wachthúske ôf bejaan. In saneamde wachttsjinst duorre ornaris fjouwerentwintich oeren, wêrby't de ôflossing om 'e twa oeren plakfûn.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.