From Wikipedia, the free encyclopedia
De Skiednis fan Spanje beslacht yn tiidrek fan mear as tûzenen jierren.
Yn deselde tiid as de ferneamde grotskilderings yn Lascaux, (Frankryk) makken waarden, libben der al lykweardige "keunstners" yn de omjouwing fan de havenstêd Santander. Sy skeppe de krektsa ferneamde skilderings yn de grotten fan Altamira (in replika derfan is noch altyd te besjen) dy’t inkele lytsere bruorren hawwe yn Puente Viesgo, en allyksa yn Kantaabrje.
By Atapuerca yn de omkriten fan de haadstêd Burgos binne de âldste fossilen fûn fan minsken yn Jeropa en gien wol ien miljoen jierren tebek.
Galysje is de regio fan de kultuer fan de "castreños". Ek binne der grutten te finen en resten fan de Keltyske druïdenkultussen.
De skiednis fan de Basken is ûndudlik en leit yn’e dize. Sy kamen opsetten en ferspraten har oer it gebiet fan it tsjintwurdige Baskenlân oant Guadalajara yn Súd-Spanje. Der wienen groepen Basyske hannelslju dy’t har oer Jerope útwaaieren en nammen joegen oan in protte rivieren, te werkennen oan har nammen wêryn "ur" (Baskysk foar wetter) foarkomt.
De Basken mongen har mei de Kelten en Ibearjers: "los celtíberos". Yn it Parque Natural Internacional Arribes del Duero fan sawol Zamora, Salamanca as Portegal binne in soad resten fan "verracos", "castros", "estelas", brêgen, boarnen te sjen fan dizze befolkingsgroep.
Op de ein fan de 3e iuw f.Kr. brekt it tiidrek fan de Romeinen oan. Nei de oerwinning op de Kartagers yn de Twadde Punyske Oarloch wurde de measte Foenysyske fêstigingen yn besit nommen. Yn de neifolgende iuw wurdt stadichoan it hiele Ibearyske skiereilân oermastere. De Romeinen bringe harren kultuer mei en Spanje wurdt ûnderdiel fan it Romeinske ryk. Spanje soe trije keizers leverje. It hiele Ibearyske skiereilân bestie út trije provinsjes: Hispania Baetica mei Sevilla, Hispania Lusitania mei Merída en Hispania Tarraconensis mei Tarragona as haadplakken.
Yn de 5e iuw falt it West-Romeinske ryk út inoar en ûntsteane der yn Spanje Germaanske keninkriken. De ferneamdste hjirfan is dat fan de Fisigoaten mei Toledo as haadstêd. Oan it Fisigoatyske ryk komt in ein mei de fameuze ynfal troch de Moaren ûnder Tarik ibn Ziyad yn 711.
Dizze ynvaazje fan de Moaren (Spaansk: "moros") fûn plak fia Tarifa en Gibraltar en yn koarte tiid hienen sy it Ibearyske skiereilân alhiel yn hannen. De besetting troch de Moaren soe sawat sân iuwen duorje. Sy fierden de islam yn en der ûntwikkele him in Moarsk-Spaanske kultuer yn Spanje.
De 'reconquista' troch de kristenen wie in langduorjend proses dat einige mei de fal fan Granada op 2 jannewaris 1492 as gefolch fan de belegering troch de Reyes Católicos.
Spanje waard in wrâldmacht ûnder de Habsburgers (1504-1700) en de Bourbons (1700-1868). It Spaanske ryk strekte him oer de hiele wrâld út. Tusken 1701 oant 1714 is it flink oarloch yn it ryk, dat tiidrek wurdt de Spaanske suksesjeoarloch neamd en resultearre yn in sintraal liede steat mei oan it haad it keningshûs fan de Bourbon.
Yn de rin fan de 19e iuw waarden de Spaanske koloanjes yn Latynsk-Amearika ûnôfhinklik fan it memmelân en yn 1898 ferlear it de har lêste koloanjes (Kuba, Porto Riko, Filipinen) as gefolch fan de Spaansk-Amerikaanske oarloch.
Yn 1931 waard Spanje in republyk (Spaanske Republyk), neidat kening Alfonso XIII twongen waard om ôf te treden. Oanhâldende politike ynstabiliteit late úteinlik ta de Spaanske boargeroarloch (1936-1939). Dat konflikt begûn as in nasjonale opstân tsjin it wettige republikeinske regear, mar wie, mei alle bûtenlânske bemuoienissen, feitlik in konflikt tusken demokrasy en it Spaanske faksisme. Generaal Franco, lieder fan de nasjonalisten, krige stipe fan Dútslân en Itaalje, wylst de regering help krige fan de doedesdiidse Sovjetuny en in protte ynternasjonale brigades mei bûtenlânske frijwilligers. De nasjonalisten wûnen de boargeroarloch en generaal Franco soe as diktator oant syn dea yn 1975 oan de macht bliuwe. Hy waard de "caudillo" neamd en woe gjin presidint wurde.
Nei de dea fan Franco waard de monargy wersteld. Juan Carlos I, de pakesizzer fan Alfonso XIII, waard de nije kening. Yn 1978 kaam der in demokratyske grûnwet dy't de sterk sintralisearre steatsfoarm ûnder Franco wizige yn desintralisearre struktuer mei selsstannige regio's.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.