Sio Bibble
From Wikipedia, the free encyclopedia
Sio Bibble (útspr.: [ˈsaːi̭oʊ ˈbɪbəl], likernôch: "saai-jo bib-bul") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is de gûverneur fan 'e planeet Naboo ûnder keninginne Padmé Amidala. Bibble waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) en kearde werom yn sa'n lyts roltsje dat it eins suver in cameo wie yn 'e beide oare dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy: Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005). Bibble wie ek te sjen yn twa ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. It personaazje waard fertolke troch akteur Oliver Ford Davies.
Fluch de feiten
Sio Bibble personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske (Nabooaansk) | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berop/amt | gûverneur | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Padmé Amidala Quarsh Panaka Sabé Saché Adova Rabé Tonsort Eirtaé Ballory Jar Jar Binks | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Slute