From Wikipedia, the free encyclopedia
Sintaluta (útspr.: [sɪntǝ'lu:tǝ]; Assiniboin: Įštágitų, útspr.: [ĩʃ'ta:ɡitũ]) is in lyts plak (formeel in town) yn 'e plattelânsgemeente Indian Head, yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan. It leit 85 km beëasten de stêd Regina, en hie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2006 doe 98 ynwenners. It haadkertier fan 'e Carry the Kettle Earste Naasje (Carry the Kettle First Nation), in Assiniboin-stamme, is yn Sintaluta fêstige.
Sintaluta | ||
In nôtlift yn Sintaluta. (Om nôt mei yn treinwagons te laden.) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kanada | |
Provinsje | Saskatchewan | |
Regio | Súdwest-Saskatchewan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 119 (2016) | |
Oerflak | 2,7 km² | |
Befolkingsticht. | 44,1 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1881 | |
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 | |
Koördinaten | 50°29′N 103°26′W | |
Offisjele webside | ||
www.sintaluta.ca | ||
Kaart | ||
Lizzing yn Saskatchewan.
|
Sintaluta waard stifte yn 1881. De namme komt út 'e Lakota-taal, en betsjut "sturt fan 'e reade foks". Yn 't earstoan wie it fral in plak dêr't kolonisten dy't fierder op nei it westen soene, stilholden om 'e lêste foarrieden yn te slaan. De earste tsjerke waard der yn 1897 boud troch presbyterianen, wêrnei't de metodisten en de anglikanen der yn 'e folgjende jierren ek gau eigen godshuzen sette lieten. Yn 1907 krige Sintaluta formeel de status fan town. Al sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw is it stedsje ien fan 'e grutste nôt-produsinten fan Kanada.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.