![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/e/eb/80-391-9007_Kyiv_DSC_5895.jpg/640px-80-391-9007_Kyiv_DSC_5895.jpg&w=640&q=50)
Sint-Michaelkleaster (Kiëv)
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Sint-Michaelkleaster (Oekraynsk: Михайлівський золотоверхий монастир, Mychajlivski zolotoverchy monastyr; Russysk: Михайловский златоверхий монастырь, Michajlovski zlatoverchi monastyr) is in oan 'e aartsingel Michael wijd kleaster foar muontsen yn 'e Oekraynske stêd Kiëv oan 'e westlike kant fan 'e Dnjepr noardeastlik fan 'e Sint-Sofiakatedraal. It is de haadtsjerke fan 'e Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke.
Sint-Michaelkleaster | ||
![]() | ||
![]() | ||
It rekonstruearre kleaster mei katedraal en klokketoer. | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
lânsdiel | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Triokhsviatytelska St, 8 | |
koördinaten | 50° 27' N 30° 31' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Otterdokse Tsjerke fan de Oekraïne | |
oprjochter | Svjatopolk II | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | Oarspronklik 1108 oant 1113; ferneatiging yn 1934–1936; yn de jierren 1990 rekonstruearre en foltôge yn 1999. | |
boustyl | Byzantynske arsjitektuer en oekraynske barok | |
Webside | ||
Side fan it kleaster | ||
Kaart | ||
De âldste dielen stamme út de 11e en 12e iuw, doe't de stifting troch Svjatopolk II (1050-1113) plakfûn. De foarst krige as doopnamme Michael en sadwaande waard it kleaster ferneamd nei de aarstingel mei deselde namme.
It kleaster waard yn 1240 troch de Gouden Heap ferneatige. Yn 'e 16e iuw fûn in weropbou plak en twa iuwen letter in barokke ferbouwing.