From Wikipedia, the free encyclopedia
Simry (Hebriuwsk: זמרי; †886 of 885 of 882 f.Kr) regearde sân dagen lang as kening fan Israel.
De koarte hearskippij fan Simry wurdt yn it Alde Testamint yn 1 Keningen 16:8-20 beskreaun. Simry wie kommandant oer de helte fan de striidweinen fan kening Ela. Hy die in greep nei de macht troch kening Ela dea te slaan, doe't dy op besite wie by de hofmaarskalk yn Tirsa en him dêr bedronken hie. Mei dizze misdied kaam de profesije fan de profeet Jehû út, dy't earder de ûndergong fan it hûs fan Basa foarsein hie oan kening Basa, om't dy it sûndige belied fan Jerobeäm fuortsette. Nei't Simry de troan ynnommen hie liet hy it hiele hûs fan Basa útroegje.
Simry bleau net lang op de troan sitten, want hy krige gjin steun fan de militêren. Doe't de soldaten, dy't op dat stuit de stêd Gibbeton belegeren, fan de staatsgreep hearden, keazen dy harren kommandant Omri ta kening. Op dat stuit hie Israel dus twa keningen. Der koe mar ien kening wêze en dêrom briek Omry op en teach mei syn leger nei Tirza om dêr de troan op te easkjen.
Nei't Omry de stêd ynnommen hie, seach Simry yn dat hy gjin kâns makke. Hy loek him werom yn de stins fan it paleis en stiek dêr it bouwurk yn 'e brân. Simry kaam yn it fjoer om.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.