Ljocht is elektromagnetyske strieling binnen in beskaat diel fan it elektromagnetysk spektrum. Yn 'e regel wurdt der sichtber ljocht mei bedoeld, mei in frekwinsjeberik dat waarnimber is mei it minsklik each, en dat dêrmei ferantwurdlik is foar it minsklik gesichtsfermogen. Dy definysje slút ynfraread ljocht, mei in wat legere frekwinsje (of langere weachlingte), en ultrafiolet ljocht, mei in wat hegere frekwinsje (of koartere weachlingte), út. Sichtber ljocht wurdt ornaris omskreaun as elektromagnetyske strieling mei in weachlingte fan 400–700 nanometer (nm) of 4,00 × 10–7 oant 7,00 × 10–7 m. Dat kom del op in frekwinsjeberik fan rûchwei 430–750 tearahertz (THz). It tsjinstelde fan ljocht is tsjuster. De stúdzje fan ljocht en de ynteraksje fan ljocht mei matearje hjit optika.

Thumb
Ljochtstrielen dy't troch de rútsjes nei binnen falle, wurde alle kanten op ferstruid troch it stof yn 'e lucht en dêrtroch wurde se ek fansiden ôf sichtber. (Chicago Union Station, 1943.)

Untstean fan ljocht

As atomen genôch ferhjitte wurde of op in oare wize yn in oansleine tastân bedarje, kinne de bûtensten elektroanen op in heger oftewol 'eksitearre' enerzjynivo komme. As in elektron weromkeart nei in leger enerzjynivo, wurdt de frijkommen enerzjy yn 'e foarm fan in foton útstjoerd. Dy enerzjy fan in foton bepaalt de frekwinsje en dus de weachlingte, en dêrmei ek de kleur fan it ûntstiene ljocht.

Ljochtboarnen

De wichtichste (natuerlike) boarne fan ljocht op 'e Ierde is de sinne. Sinneljocht leveret enerzjy dy't troch blêdgrienhâldende planten troch it proses fan fotosynteze brûkt wurdt om sûkers oan te meitsjen, almeast yn 'e foarm fan setmoal. As oare organismen sokke planten of dielen fan sokke planten ite, komt by de fertarring fan it setmoal de fan 'e sinne ôfkomstige enerzjy frij, dy't alle libbene wêzens nedich binne om libje te kinnen. Troch fotosynteze en fertarring is ljocht dus de boarne fan frijwol alle enerzjy dy't it libben mooglik makket.

Histoarysk hat foar minsken fierders ek fjoer in wichtige boarne fan ljocht west, fan prehistoaryske kampfjurren oant moderne oaljelampen. Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw waard elektryske ferljochting útfûn dy't mooglik makke waard troch de ûntdekking hoe't men elektrisiteit opwekje moast. Sûnt hat elektryske ferljochting fjoerljocht yn 'e measte minsklike kultueren yn hast alle omstannichheden ferkrongen.

Thumb
In foarbyld fan 'e brekking fan ljocht. Op it punt dêr't it sûchreidsje út 'e lucht wei de floeistof yngiet, liket it te bûgen.

Guon foarmen fan organismen meitsje har eigen ljocht oan yn in proses dat bioluminisinsje hjit. Sa brûke glimmiggen eigen ljocht bygelyks om fuortplantingspartners oan te lûken, wylst fampierinketfisken it brûke by de jacht op proaidieren.

Skaaimerken

De faasje fan ljocht yn in fakuum (299.792.458 meter de sekonde) is ien fan 'e grutte konstanten fan 'e natoer, en dêrmei ek ien fan 'e grûnslaggen fan 'e natuerkunde. Oare soarten fan elektromagnetyske strieling bewege har trouwens ek mei de faasje fan it ljocht fuort. De wichtichste fariabele skaaimerken fan sichtber ljocht binne ljochtsterkte, fuortplantingsrjochting, kleur en polarisaasje. Ljochtsterkte wurdt ek wol amplitude neamd. Kleur wurdt bepaald troch frekwinsje of weachlingte; it ferskil tusken dy beide begripen is dat de weachlingte, oars as de frekwinsje, ôfhinklik is fan 'e stof dêr't de strieling (yn dit gefal it ljocht) trochhinne giet. De polarisaasje wurdt ek wol de trillingsrjochting neamd; dy stiet altyd heaks op 'e fuortplantingsrjochting.

Yn 'e natuerkunde wurdt mei 'ljocht' soms ferwiisd nei elektromagnetyske strieling fan lykfol hokker weachlingte, oft it no sichtber is of net. Yn dy sin binne gammastrieling, röntgenstrieling, mikroweagen en radiostrieling ek ljocht. Krekt as alle foarmen fan elektromagnetyske strieling beweecht sichtber ljocht him fuort yn 'e foarm fan weagen. De troch de weagen opwekke enerzjy wurdt lykwols op isolearre lokaasjes absorbearre sa't dieltsjes absorbearre wurde. De absorbearre enerzjy fan elektromagnetyske weagen wurdt in foton neamd en fertsjinwurdiget de kwanta fan it ljocht. As de weach fan ljocht transformearre rekket en absorbearre wurdt ta in foton, stoart de enerzjy fan 'e weach fuortendaliks yninoar nei in isolearre lokaasje en dy lokaasje is wêr't de foton "arrivearret". Dat proses wurdt weachfunksje-ynstoarting neamd. It resultearjende dualistyske weach-eftige en dieltsje-eftige aard fan ljocht stiet bekend as de weach-dieltsjedualiteit. Fotoanen spylje in wichtige rol yn 'e kwantumoptika.

Thumb
Ljocht skynt troch in prisma en falt útinoar troch ferstruiïng.

Wurking fan ljocht

Brekking

Brekking of refraksje is it bûgen fan ljochtstrielen as se troch in oerflak geane tusken twa trochsichtige materialen. Dêrby wurdt de fuortplanting fertrage yn ferhâlding ta in fakuum, mei in faktor dy't brekkingsyndeks neamd wurdt. Ljochtbrekking kin beskreaun en berekkene wurde mei de Wet fan Snellius.

Bûging

By bûging of diffraksje giet ljocht troch in iepening mei ôfmjittings yn deselde oarder fan grutte as de weachlingte. Der is dan net ien beskate striel of bondel strielen dy't rjocht troch de iepening falt, mar ynstee dêrfan bûcht in diel fan 'e bondel him ôf. As ljochtweagen fersteurd wurde troch lytse ûngerjochtichheden yn it medium (lykas dripkes wetter of stofdieltsjes) wurdt it effekt ferstruiïng neamd. It bekende foarbyld fan ferstruiïng is om ljocht troch in prisma skine te litten; it falt dan útinoar yn strielen fan ferskate weachlingten, dy't sjoen wurde kinne as ferskillende kleuren.

Wjerkeatsing

By wjerkeatsing of refleksje wurdt it ljocht, of in diel fan it ljocht, weromsmiten fan in oerflak tusken twa materialen mei in ferskillende brekkingsyndeks as it dat oerflak ûnder in beskate ynfalshoeke rekket. It eventueel net wjerkeatste diel ferfolget syn wei troch it twadde materiaal. In foarbyld fan in materiaal dat alle ljocht wjerkeatst is spegelglês; in foarbyld fan in materiaal dat in diel fan ljocht wjerkeatse kin, is wetter.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.