From Wikipedia, the free encyclopedia
Sentimintalisme is in yn de preromantyk (18e iuw) ûntstiene literêre streaming. Skaaimerken fan de streaming binne: oerdreaun gefoelslibben, ûnfrede mei it hjir en no, en klam op de goedens fan de minske. Dit kin as in reaksje op it Kalvinisme sjoen wurde, dat krekt de ferdoarnens fan de minsklike natoer beklammet. Yn Dútslân sprekt men ek wol fan empfindsame Dichtung.
It Jeropeeske sentimintalisme kaam op yn de iuw fan de Ferljochting tagelyk mei it sentimintalisme yn de filosofy. It hat duorre fan 1720 oant de tiid fan de Frânske Revolúsje. Yn Frankryk en Ingelân ûntstie it al om 1700 hinne.
Eksponinten fan de streaming wiene yn Nederlân ûnder oaren Rhijnvis Feith (Julia), yn Dútslân Goethe (Die Leiden des jungen Werthers) en yn Ingelân Thomas Gray mei syn 'tsjerkhôfpoëzy' (Elegy Written in a Country Churchyard).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.