Sekshâlding
From Wikipedia, the free encyclopedia
In sekshâlding of seksposysje, yn 'e folksmûle ek wol in stantsje neamd, is de lichemshâlding dy't minsken brûke om seksuele omgong mei-inoar te hawwen of har oer te jaan oan oare seksuele aktiviteiten. Sokke sekshâldings drage gauris nammen dy't ûntliend binne oan 'e foarm dy't it minsklik lichem dêrby oannimt. Se wurde faak ûnderferdield nei de trije haadfoarmen fan seks: faginale seks, anale seks en orale seks. Hoewol't seksuele mienskip ornaris de penetraasje fan it lichem fan 'e iene persoan troch dat fan 'e oare beslacht, omfetsje sekshâldings sawol penetrative as net-penetrative aktiviteiten, lykas de seksuele stimulaasje fan erogene sônes troch streakjen of masturbaasje of it gebrûk fan in stik seksboartersguod lykas in fibrator.