Sekretaris-generaal fan de NAFO
From Wikipedia, the free encyclopedia
De sekretaris-generaal of siktaris-generaal fan de NAFO (yn it Ingelsk: Secretary General of NATO) is de foarsitter fan de Noardatlantyske Ried (North Atlantic Council), it heechste bestjoersorgaan fan de Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje (NAFO). De funksje fan sekretaris-generaal hat ta doel it algemien fertsjinwurdigjen fan de NAFO.
Dizze heechste boargerfunksje fan de NAFO wurdt tradisjoniel beklaaid troch in Jeropeaan, wylst de heechste militêre funksje beklaaid wurdt troch in Amerikaan.